Ljouwert: grip op Antillianen

© Omrop Fryslân
De stêd Ljouwert docht it better as lanlik as it om de resultaten fan de saneamde Antilliane-projekten giet. Dochs bliuwt hjir ek in groep Antillianen bestean dêr't gjin grip op te krijen is.
De ôfrûne jierren hawwe de spesjale projekten foar de yntegraasje fan Antillianen yn 21 stêden te min opsmiten, fine de Twadde Keamer en minister Vogelaar fan yntegraasje. Yn Ljouwert is der lykwols wol resultaat.