VVD: gau nije gemalen

© Omrop Fryslân
Deputearre Steaten moatte de gemaalkapasiteit fan Fryslân gau ferheegje. Dat krityske lûd lit de VVD-steatefraksje hearre oan it kolleezje. In jier lyn binne de plannen foar twa ekstra gemalen al oannommen. Deputearre Schokker hat in definityf plan noch altyd net klear.
Omdat it wetterpeil yn 'e provinsje al 18 sintimeter boppe de krityske grins stiet, moat der aksje ûndernommen wurde.