Grutte oarder foar De Vries

23 jan 2008 - 16:08

Skipsbouwer de Vries yn Makkum hat der in nije grutte oarder by. It giet om de bou fan in superjacht fan 88 meter lingte dat ein dit jier klear wêze moat. De Vries hat oant 2013 in folle oarderportefúlje. Sa sille der yn elts gefal noch trije megajachten boud wurde.

Werf-direkteur Sijbrand de Vries seit dat it unyk is yn de 100-jierrige histoarje fan syn bedriuw dat der foar fiif jier lang opdrachten binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)