Byld famke yn mini fuorthelle

23 jan 2008 - 13:40

It keunstwurk 'Meisje in mini' op it Raadhuisplein yn Drachten is fuorthelle troch de gemeente. It keunstwurk moat fuort yn ferbân mei de grutte bouplannen dêr. It byld is makke troch Teun Roosenburg.

De gemeente krige it yn de jierren '70 oanbean troch it bedriuw Dunlop. Yn de jierren njoggentich hat it byld ek in skoftsje fuortwest, en doe waard it by in partikulier weromfûn. It byld sil no opslein wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)