Postma fyfde op WK-Finn

23 jan 2008 - 12:25

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple stiet nei de earste dei fyfde op it WK. Yn de Finn-klasse waard hy yn de earste twa wedstriden alfde en tredde.

Postma hie it yn it Australyske Melbourne yn de earste race dreech mei de wyn. Yn in dielnimmersfjild mei 87 boaten koste him dat flink wat plakken, al koe hy goed weromkomme oant it alfde plak. De Nij-Seelanner Dan Slater stiet no earste mei tsien punten minder as Postma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)