Skriezekollektyf tsjin rûnwei

23 jan 2008 - 12:17

Seis boeren yn Jirnsum hawwe in aksjegroep oprjochte tsjin it oanlizzen fan in nij stik dyk tusken Jirnsum en Grou. Der binne plannen om de Sylsbrêge oer de Boarn te ferheegjen. Omwenjenden wolle dan dat de brêge ferpleatst wurdt en fierder fan 'e huzen komt te lizzen.

Yn dat gefal soe der in nije rûnwei komme. Neffens de boeren kin dat net, omdat it gebiet dêr grôtfol skriezen sit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)