Soad tips oer snelkreaken

23 jan 2008 - 10:15
  • By dizze benzinepomp waard de klûs stellen
  • De klûs waard mei geweld iepen makke...

De plysje wurdt oerspield mei tips oer de snelkreaken yn Drachten en Wynjewâld fan begjin desimber. Tiisdei waard yn tillevyzjeprogramma Opsporing Verzocht omtinken jûn oan in searje ynbraken yn Fryslân en Drinte.

Izerwarehannel De Boer yn Drachten en de Total benzinepomp by Wynjewâld waarden troch de snelkreakers berôve. Nei alle gedachten ha deselde ynbrekkers ek yn Drinte warber west. De plysje krige meiïnoar 57 tips.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)