Bunkers Flylân opknappe

27 mrt 2012 - 17:29

Op Flylân wolle se in Dútsk bunkerkompleks út de Twadde Wrâldoarloch opknappe. It leit yn en ûnder de dunen en it moat in attraksje wurde mei in firtuele rûnlieding yn oarlochstiid. De plannen bestean al jierren, mar wurde no konkreet. Dêrom wurde dizze dagen ynformaasjegearkomsten hâlden.

Der komt in nij yntreegebou en dêr is de firtuele rûnlieding te sjen. De útfiering fan it plan kostet 7 ton. In part dêrfan komt fan de provinsje en fan it Waadfûns. Der wurde ek noch sponsoaren socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)