Tony Feitsma komt mei taalfûns

23 jan 2008 - 09:42

Emeritus-heechlearaar Tony Feitsma út Grou hat har eigen fûns yn it libben roppen om it Frysk yn it deistich libben te stypjen. Freed waard frou Feitsma 80 jier. Mei har neilittenskip wol se it gebrûk fan de taal dy't se altiten bestudearre hat, stypje, mar se wol dêr net mei wachtsje oant se der net mear is.

Benammen projekten dy't net yn de beneaming komme foar de reguliere subsydzje kinne in bydrage krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)