Spanning troch beurskrisis

22 jan 2008 - 17:48
  • Friesland Bank: telefoantsjes fan ûngerêste belizzers

De delgong fan 'e beurzen oer de hiele wrâld waard tiisdei ek yn Fryslân mei spanning folge. De beurs hat moandei sûnt 11 septimber 2001 net sa grutte fal fertoand. It begûn mei in finansjele krisis yn Amearika.

De Friesland Bank krige tillefoantsjes fan ûngerêste belizzers. Saakkundigen fan 'e bank tinke net dat de beursperikelen ta in grutte krisis liede sille. Ek belizzingsclub Corona yn Grou is noch net senuweftich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)