Kontrôle op rôffûgels

© Omrop Fryslân
Ferfolgers fan rôffûgels wurde dit jier ekstra yn 'e gaten hâlden. It regionaal miljeuteam fan 'e plysje sil dêr wach op wêze. Sa komt it yn Fryslân folle faker foar dat rôffûgels fergiftige wurde as yn 'e rest fan Nederlân en miskien sels Europa.
De Fryske Miljeufederaasje en de Wurkgroep Rôffûgels Nederlân hawwe ferline jier in soad oan foarljochting oer rôffûgelferfolging dien. De ekstra plysjekontrôle is dêr in ferfolch op.