SC Hearrenfean klear foar VVV

22 jan 2008 - 14:04

Sportklub Hearrenfean nimt it woansdeitejûn op tsjin VVV út Venlo. Trainer Gertjan Verbeek sil mei deselde ploech de striid oangean as ôfrûne sneon tsjin AZ. Doe makken de Feansters yndruk mei in 4-0 oerwinning en prachtich spul.

De beide ploegen sille spylje moatte op in minne gersmatte. It fjild hat sneontejûn in geweldige opdonder krigen en is troch alle reinwetter noch minder wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)