Cecilio Lopes net nei Cambuur

Cecilio Lopes net nei Cambuur
Cecilio_Lopes fan SC_Hearrenfean giet net nei Cambuur. De Ljouwerters woene Lopes foar de rest fan it seizoen hiere. De oanfaller komt krekt werom fan in swiere blessuere en moat earst wer hielendal fit wurde. Hearrenfean wol him dêrom graach by de seleksje hâlde.
Ferline wike makke Lopes syn rentree by de beloftes en makke hy daliks yn de bekerwedstriid tsjin Quick_Boys in goal.