Piip De Pein giet freed om

It âld suvelfabryk fan De Pein. De gebouwen lizze al plat, de skoarstien giet freed om.
De skoarstienpiip fan it âld suvelfabryk yn De Pein wurdt no freed delhelle. It fabryk sels is de ôfrûne wiken al sloopt. Hy wie allang net mear operasjoneel.
Wenningbouferiening Smellingerlân lit huzen bouwe op it plak fan it fabryk. Ein dit jier moat dêr de skeppe foar de grûn yn. De piip fan it suvelfabryk giet freedtemiddei twa oere tsjin de flakte.