Hertoperaasje foar Tichelaar

22 jan 2008 - 12:37

PvdA-fraksjefoarsitter Jacques Tichelaar fan Oranjewâld kin de kommende wiken net oan it wurk. Hy moat in bypass-operaasje ûndergean. Dat hat de Twadde Keamerfraksje fan 'e PvdA tiisdei bekendmakke.

By in regulier ûndersyk kamen de hertklachten fan Tichelaar oan it ljocht. Syn wurk wurdt de kommende tiid oernommen troch Mariëtte Hamer, de fise-fraksjefoarsitter fan 'e Partij van de Arbeid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)