Telefoantsjes oer heech wetter

22 jan 2008 - 11:35

Hûnderten minsken hawwe tiisdeitemoarn mei Wetterskip Fryslân belle oer it hege wetter. De ôfrûne dagen is der in soad reinwetter fallen. Benammen yn de Tsjongerfallei is dêrtroch in soad lân ûnderstrûpt.

Foar safier bekend is der net fuortendaliks sprake fan skea, seit Wetterskip Fryslân. It kalamiteiteplan hoecht krekt net út de kast. De Fryske gemalen wurkje op folle sterkte om it wetterpeil yn 'e boezem te ferleegjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)