Fraude mei rûlettetafel

22 jan 2008 - 10:10

Trije Rotterdammers binne yn in kasino op 'e Jouwer oanhâlden op fertinking fan fraude. Se soene mei in elektroanyske rûlettetafel omgriemd hawwe. In meiwurkster werkende de fertochten fan in oar fraudegefal yn Langwar. Dêr hiene se 10.000 euro wûn.

De fertochten binne foarlaat oan 'e rjochter-kommissaris. Se sitte noch fêst. It ûndersyk is útwreide nei oare regio's, om't de plysje tinkt dat de fertochten lanlik aktyf wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)