Opfang Wytmarsum nei Den Haach

22 jan 2008 - 06:54
  • De needopfang giet oer trije dagen ticht

In delegaasje út Wytmarsum giet oare wike tiisdei nei Den Haach om in moasje oan te bieden oan de Twadde Keamer. De ried fan Wûnseradiel fynt dat it regear soargje moat foar de flechtlingen dy't op dit stuit troch partikulieren opfongen wurde. Dat is moandeitejûn besluten.

Der moat wat barre, want oankommende freed giet de needopfang yn Wytmarsum ticht. De soarch foar alve flechtlingen bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)