Accolade skrast 60 banen

Accolade skrast 60 banen.
By de Accolade groep ferdwine 60 banen. It giet om 15 twongen ûntslaggen. De Accolade groep is in gearwurkingsferbân fan fiif wenningbou-korporaasjes. It doel is dat dizze fiif korporaasjes werom brocht wurde nei ien. Der komme wenwinkels yn Snits, Drachten, De Jouwer, Hearrenfean en Frjentsjer.
It skrassen fan banen is needsaaklik omt der tefolle kosten makke wurde. De meiwurkers binne yntusken ynformearre.