Jong Hearrenfean út de beker

Paolo Henrique skoarde twa kear, mar dat wie net genôch
It belofteteam fan Sc Hearrenfean is útskeakele yn de kwartfinale fan it bekertoernoai. Yn Nijmegen waard fan NEC mei 3-2 ferlern. Hearrenfean kaam binnen fiif minuten op efterstân.
Krekt foar it skoft makke Paulo Henrique de lykmakker foar de Feansters. Nei rêst kaam de thúsploech op 3-1. Opnij Henrique soarge foar de 3-2 einstân. Tongersdei moatte de beloften wer oan de bak. Dan wachtet jong PSV foar de kompetysje.