Boerelân wurdt djoerder

boerelân wurdt djoerder
De priis fan in bunder boerelân yn Fryslân is yn in jier tiid mei 20 oant 30 prosint omheech gien. Dat meldt de makeldersferiening NVM Agrarisch & Landelijk Vastgoed. Der is foaral mear fraach foar lân foar melkfee. De priis sit no op hast 40.000 euro. Om't de molkepriis goed is, wreidzje feeboeren út en buorkje se langer troch.
Ek it ôfskaffen fan it molkkwotum yn 2015 driuwt de prizen op. De grûnpriis sil noch mear omheech gean.