Stellingwarfpop yn juny

© Omrop Fryslân
Der komt dit jier wer in edysje fan it popfestival Stellingwarfpop. Op it Pastorieplein yn Wolvegea kinne regionale bands en muzikanten optrede as se op syn minst ien eigen nûmer yn it Stellingwerfs sjonge.
Stellingwarfpop is 14 juny. Der kinne njoggen bands meidwaan. Har nûmers yn it Stellingwerfs wurde op in cd set. Ek binne der jildprizen ferbûn oan it festival. It wurdt organiseard troch de Stellingwarver Schrieversronte.