Konflikt Polderhoofdkanaal oplosber

De partijen sykje oerienstimming oer it wurk oan it Polderhoofdkanaal
De kâns is grut dat der in oplossing komt foar de problemen by it befarber meitsjen fan it Polderhoofdkanaal. Dat ferwachtsje oerheden en miljeuklubs dy't beswier makken tsjin it projekt.
Fanwege gefaar foar de natuer hie de rjochter it wurk in pear moannen lyn stillizze litten. Moandei is begûn mei wurk oan brêgen en oare ûnderdielen dy't net foar miljeuproblemen soargje. In advysburo komt letter mei in oplossing foar de rest fan it projekt.