Undersykje liening ôffaloven

de tsjinstanners fan de ôffaloven geane troch mei har protest
De Stichting Afvaloven Nee hat de Rabobank en de Bank Nederlandse Gemeenten frege om ûndersyk nei de mooglike ynvestearing fan dizze banken yn de enerzjysintrale by Harns. Omrin wol sa'n ôffaloven bouwe.
De tsjinstanners gokke dat dizze twa banken belutsen wurde by finansiering fan de ôffaloven. Beide banken ha in etyske kommisje. Dêr kin in berop op dien wurde om in liening fan de bank ûndersykje te litten