Lee rapper as Wotherspoon

20 jan 2008 - 17:58

De Súd-Koreaan Kyou-Hyuk Lee is wrâldkampioen sprint wurden op Thialf. Yn in streekrjocht duel mei Wotherspoon fersloech er de Kanadees dy't nei de earste dei de bêste papieren foar de titel hie. Simon Kuipers einige as fjirde yn it klassemint.

Jan Bos hie de twadde tiid op de 1000 meter. Hy hie him goed hersteld fan syn fal op de 500 meter earder op de dei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)