Mei glês yn gesicht stutsen

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert en Drachten binne dit wykein twa minsken mei in glês yn it gesicht stutsen. Yn Ljouwert krige in Feanster (25) yn in kafee oan de Nijstêd samar in glês yn syn gesicht. In pear minsken hiene spul, mar hy hie dêr neat mei te krijen. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.
Yn Drachten stuts in Drachtster (24) in plakgenoat in glês yn it gesicht nei't dy him per ûngelok oanrekke hie. It slachtoffer is yn it sikehûs hecht.