Priiswinners by KFFB

© Omrop Fryslân
By de jiergearkomste fan de KFFB sneon binne fjouwer skriuwers yn de prizen fallen. It binne Tineke de Jager-van der Zee, Anders Minnes Rozendal, Rommert Tjeerdsma en Lieuwe Pietersen. De skriuwers diene mei oan de jierlikse romanpriisfraach fan de Fryske boekeklub. Doel is manuskripten fan Fryske romans út te jaan.
Frou De Jager skreau in boek oer froedfrou Catherina Schrader út de 17e ieu. It wurdt 4 febrewaris presinteard.