Gerritsen tred; Wolf wint WK

20 jan 2008 - 16:52

Annette Gerritsen is snein tredde wurden by de WK sprint yn Thialf. De DSB-rydster (22) einige as tredde op de 1000 meter op It Hearrenfean. Lykas ferwachte waard de Dútse Jenny Wolf wrâldkampioene. Anni Friesinger waard twadde.

Marianne Timmer waard úteinlik fyfde en Ireen Wüst einige as sechsde yn it klassemint nei't se de 1000 meter snein wûn hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)