Drokte foar plysje op It Fean

20 jan 2008 - 14:46

De plysje hat in drok wykein hân op It Hearrenfean. Neist de brân by Thialf wêrby't bussen en auto's útbaarnden, hie de plysje de hannen fol oan minsken op strjitte. Der wie in soad folk yn it sintrum fanwege de WK sprint, de wedstriid Hearrenfean-AZ en in oar evenemint yn it sintrum.

By ferskate fjochtpartijen moast de plysje yngripe. Der binne seis minsken oanhâlden. Ien man is oanhâlden om't er in plysjeman mishannele hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)