Bennerpriis útrikt oan Le Roy

Louis le Roy
Louis le Roy hat sneon sels de Gerrit Bennerpriis yn ûntfangst naam. It nijs dat de keunstner de priis krije soe. wie al yn septimber bekend. Unwis wie oft Le Roy by de útrikking wêze koe, om't de 83-jierrige keunstner fan Oranjewâld sûnensproblemen hat.
Holpen troch famylje krige er de priis fan 5000 euro en de bokaal út hannen fan kultuerdeputearre De Vries yn it Fries Museum. Dêr waard ek de útstalling iepene mei syn wurk.