Feestkoar siket noch leden

20 jan 2008 - 13:23
  • it koar kin noch wol wat leden brûke

It feestkoar fan Bert van der Beek hat noch gjin 100 leden. Dochs hâldt de dirigint út Langedike de moed deryn. Hy wol tusken de 500 en 1000 sjongers by elkoar krije om fam 't simmer by eveneminten optrede te kinnen.

Freed wie it koar yn Appelskea. Ek op oare plakken wurdt oefene lykas It Hearrenfean, Ljouwert, Grins en Assen. Foar in optreden komme alle groepen by elkoar. It repertoire bestiet út populêre ferskes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)