Wotherspoon boppe-oan op WK

© Omrop Fryslân
Jeremy Wotherspoon stiet nei de earste dei fan it wrâldkampioenskip sprint boppe-oan yn it tuskenklassemint. Jan Bos wûn sneon yn Thialf de 1000 meter en stiet no op it twadde plak yn de ranglist.
Bos klokte in tiid fan 1.09,13 en wie dêrmei rapper as de nûmer twa, Simon Kuipers. Dy ried de ôfstân yn in tiid fan 1.09,46 en kaam dêrmei op in fjirde plak yn it klassemint. De Súd-Koreaan Kyou-Hyuk Lee stiet tred.