Anni Friesinger wint 1000 m.

19 jan 2008 - 16:38

Anni Friesinger hat op de earste dei fan it WK sprint yn Thialf de 1000 meter wûn. Har winnende tiid: 1.15,58. Ireen Wüst waard twadde yn 1.15,64 en Marianne Timmer tredde yn 1.16,75.

Jenny Wolf, de winneres fan de 500 meter, waard sechsde en bliuwt de liedster fan it klassemint. Anni Friesinger is dêryn twadde. Dan folgje trije Nederlânske froulju: Annette Gerritsen, Marianne Timmer en Ireen Wüst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)