Ynbrekkers oanriden

19 jan 2008 - 15:09

Twa manlju (34 en 41 jier) út Wolvegea binne freedtejûn oanholden troch de eigner fan it bedriuw dêr't se krekt dêrfoar ynbrutsen hiene. De plysje waard warskôge dat by in bedriuw op de Stapeling op It Hearrenfean ynbrutsen waard.

Wylst de plysjeminsken dêr oankamen, seagen se ek in auto mei hege snelheid oankommen. Dy ried op de twa ynbrekkers yn. De bestjoerder wie de eigner (21) fan it bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)