Twatal jout fernielings ta

© Omrop Fryslân
In Grouster (25) en in Akkrumer (22) ha bekend yn de krystfakânsje fernielings pleegd te hawwen yn Akkrum. Op 29 desimber fernielden se gipsplaten yn in leechsteand gebou oan de Túntsjes. Se kladderen dêr op de muorren en feroarsaken brân mei fjoerwurk.
Ek wurde de twa fertocht fan fernieling fan in kaartsjesautomaat op stasjon Akkrum. De skea rint yn de tûzenen euro's.