Trochriden nei ûngelok

© Omrop Fryslân
Op ferskate plakken yn Fryslân binne de ôfrûne dagen automobilisten trochriden nei in ûngelok. Freedtemoarn betiid ferliende in automobilist op de Wollegaast yn Ljouwert gjin foarrang oan in fytser. In botsing wie in gefolch.
Ek yn Stiens waard in fytser oanriden. In 52-jierrige frou kaam yn botsing mei in automobilist. De man frege hoe't it gong, mar ried dêrnei fuort.