Lichem Poortema oankaam

19 jan 2008 - 14:15

It lichem fan de omkommen korporaal Aldert Poortema út Drylts freedtenacht oankommen yn Nederlân. Om 02.20 oere kaam it militêre Hercules-fleantúch oan op de fleanbasis yn Ljouwert.

Dêrmei waarden de lichems fan Poortema en soldaat Wesley Schol út Assen ferfierd. Se binne nei in koarte seremoanje oerdroegen oan de neibesteanden. Aldert Poortema wurdt takom woansdei begroeven.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)