Oerlêst krossers yn Appelskea

Omwenners fan de keale dunen yn Appelskea fine dat der optreden wurde moat tsjin yllegale motorkrossers yn it gebiet. Ynkoarten prate plysje en behearder Steatsboskbehear oer de mooglikheid fan maatregels.
Foaral op sneon- en sneintemoarns is it raak, sa sizze Allessandra van der Voort en Louis de Bruin, bewenners fan it natuergebiet. Steatsboskbehear erkent dat der oerlêst is, mar seit dat de oanpak net sa ienfâldich is.