Sponsorrin foar it goede doel

19 jan 2008 - 12:07

Wurknimmers fan fersekerder Aegon ha sneontemiddei yn Ljouwert 120.000 euro by inoar rûn foar 'Right to play', it goede doel fan âld-reedrider Johann Olav Koss. It waar siet tsjin, dochs dienen sa'n tûzen minsken mei.

Nei in warming-up fan reedrydster Barbara de Loor, joech kommissaris Ed Nijpels it startskot foar de rin. Dielnimmers koenen in rûte fan fiif, tsien of 42 kilometer rinne. Koss hat sels fiif kilometer rûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)