Brân yn stâl Skerpenseel

© Omrop Fryslân
Yn in lisboksstâl yn Skerpelseel is sneontemoarn betiid brân útbrutsen. In opslach foar seachsel fleach yn 'e brân. De kij en kealtjes koenen op tiid út de stâl helle wurde.
Troch de brân is in gat yn it dak fan de stâl ûntstien. De brân is nei alle gedachten ûnstien troch in ferwaarmingslampe, dy't by in pear kealtjes hong. Ien fan de kealtjes hat de brân net oerlibbe.