Oerlêst troch keten falt ta

18 jan 2008 - 20:12

De jeugdhokken en keten yn Fryslân soargje amper foar oerlêst. Probleem bliuwt dat jongeren in soad sûpe yn dy keten. Dat docht bliken út ûndersyk fan de provinsje en de plysje.

It ûndersyk moast mear dúdlikheid jaan oer de relaasje tusken de oanwêzigens fan de keten en fandalisme, geweld en ferkearsûnfeiligens. It docht bliken dat de oerlêst bot tafalt. De keten hawwe foaral in sosjale funksje op it plattelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)