Brân Ljouwert 1 miljoen skea

Bewenners lilk op Woon Friesland
De skea fan de grutte brân woansdei yn 'e binnenstêd fan Ljouwert rint neffens eksperts op oant 1 miljoen euro. Yntusken is der út ein set mei it leechheljen fan 9 apparteminten dy't net mear te bewenjen binne.
Guon eigners dêrfan wolle in fikse skeaclaim ynstjinje by ferhierder Woon Friesland. Dy soe net genôch dien ha mei klachten oer it gedrach fan de bewenster dêr't it fjoer ûnstie.