Bel-aksje foar stedsfeesten

18 jan 2008 - 17:23

In bel aksje foar it trochgean fan de Dokkumer Stedsfeesten hat freed goed 10.000 euro opbrocht. In groep ûndernimmers út de stêd hat in hûnderttal kollega's belle mei de fraach in bydrage te jaan foar de feestwike dy't om de fjouwer jier yn augustus holden wurdt.

Op in gearkomste ôfrûne tiisdei mei ûndernimmers en buertferienings is besletten alles op alles setten om de stedsfeesten trochgean te litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)