Alvestêdefarrûte oanpakt

© Omrop Fryslân
Mei it opheegjen fan de brêge oer de Blikfeart wurdt yn de earste wike fan febrewaris út ein set mei de oanpak fan de noardlike alvestêdefarrûte. Freed is by Froubuert troch belutsen partijen de gearwurking ûndertekene en waard de oannimmer bekend makke.
It ferheegjen fan de brêgen en de oanlis fan stegers oan de rûte is de earste konkrete stap foar it befarber meitsjen fan de noardlike rûte fan Berltsum oer Bartlehiem nei Ljouwert.