Sjirurgen wolle oplieding MCL

18 jan 2008 - 11:08
  • Knoopsgatsjirurch Pierie oan it wurk

It MCL yn Ljouwert hat ynienen trije kear safolle oanfragen fan sjirurgen dy't in knoopsgatoperaasje leare wolle. Sa'n oplieding kin allinnich yn Ljouwert en Utrecht folge wurde.

Oanlieding foar alle oanfragen is in kritysk rapport fan de Ynspeksje foar de Sûnenssoarch. In soad sjirurgen yn oare sikehuzen soene te min witte fan sokke knoopsgatoperaasjes. Yn Ljouwert bestiet de oplieding 5 jier en dy kin mar in pear studinten tagelyk hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)