Dochs apparteminten yn Grou

© Omrop Fryslân
Yn Grou komme dochs twa apparteminte- kompleksen op de saneamde Griene Krús- lokaasje. De rjochtbank yn Ljouwert hat dat bepaald. Der wiene beswieren tsjin de bouplannen, omwenners fine de gebouwen te grut en binne bang dat skea dien wurdt oan it wengenot.
Neffens de rjochtbank foldogge de plannen wol oan it úteinlike doel, nammentlik dat Grou fan de kant fan de Pikmar herkenber bliuwt en dat fanút Grou sicht is op it wetter.