DE gjin haadsponsor SKS mear

18 jan 2008 - 10:28

Douwe Egberts hâldt op as haadsponsor fan it SKS-skûtsjesilen. Dat hat de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen freed bekendmakke. Douwe Egberts hat mear as 20 jier haadsponsor west.

SKS-foarsitter Westerdijk seit dat beide partijen yn goed oerlis útinoar geane. Dochs sei DE fan 't simmer noch it sylevenemint noch fiif jier sponsorje te wollen. Der is al in nije sponsor, mar de skûtsjekommisje wol dy no noch net bekendmeitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)