Auto yn sleat by Parregea

18 jan 2008 - 10:21

In 27-jierrige ynwenner fan Alkmaar is tongersdei mei syn auto yn it wetter neist de Sudergoawei by Parregea rekke. Hy kaan út de rjochting fan Warkum en ried yn de rjochting fan Boalsert. By Parregea ferlear er troch aquaplanning de macht oer it stjoer.

De auto sloech in oantal kearen oer de kop en kaam oan de oare kant fan de dyk op 'e kop yn de sleat telâne. De man koe sels út de auto komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)