Snelheidskontrôle Sibrandahûs

18 jan 2008 - 09:51

De plysje hat tongersdei op de Burdaarderstrjitwei by Sibrandahûs in snelheidskontrôle hâlden en dêrby binne fjouwer rydbewizen ynnommen. De maksimumsnelheid op dat plak is 60 km mar dy fjouwer bestjoerders sieten dêr fier boppe mei snelheden fan 130 en 114 km yn it oere.

De dyk wurdt brûkt troch alle soarten ferkear en is boppedat in rûte foar in soad skoalbern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)