Beskerming park Oranjewâld

It parklânskip by Oranjewâld krijt faaks in beskerme status.
De kâns is hiel grut dat it parklânskip by Oranjewâld foar 2010 beskerme wurdt troch it Ryk. Dat giet dan fia in nij gemeentlik bestimmingsplan. Dat waard tongersdei dúdlik op in ynformaasjejûn oer de oanwizing fan de streek as beskerme doarpsgesicht. Oranjewâld sels falt dêr bûten, dus liket de namme beskerme doarpsgesicht hjir wol wat frjemd.
De ried beslút meikoarten oft se der yn mei gean wol.